Meta tags:
description= De FNP is in brede folkspartij foar de regio sûnt 1962. En makket diel út fan it Fryske bestjoer yn de provinsje en lokaal.;
Headings (most frequently used words):
de, foar, fryske, oanpak, op, skjin, wetter, sûn, bioferskaat, nije, soarch, selsrezjy, taalfeardigens, lokaal, ûndernimmerskip, fakmanskip, ús, it, tiid, iten, fnp, steatefraksje, thús, yn, fryslân, minsken, partij, regio, sûnt, 1962, is, in, plannen, lêste, nijs, moasje, nei, olympyske, ringen, ten, gerben, dinie, sita, tjitte, thom, nynke, hinke, frank, bauke, beert, reaksje, lelyline, advies, knot, kiest, duo, fraksjefoarsitterskip, bliuw, hichte,
Text of the page (most frequently used words):
fan (30), fnp (25), dat (18), mear (17), foar (14), mei (13), lês (11), binne (10), troch (10), wol (8), soarch (8), iten (8), sûn (8), wetter (8), der (7), #ûndernimmerskip (7), lokaal (7), net (6), #fryslân (6), skjin (6), hat (5), minsken (5), takomst (5), fakmanskip (5), moat (5), wurde (5), tiid (5), stypje (5), polityk (5), nije (5), wêr (5), bioferskaat (5), ferbetterjen (4), partij (4), libben (4), mar (4), oan (4), alle (4), minsklik (4), gedrach (4), doch (4), docht (3), wurd (3), lid (3), fryske (3), oanpak (3), lêste (3), nijs (3), wurdt (3), krijen (3), hân (3), lytsbedriuw (3), tiden (3), taalûntwikkeling (3), hieltyd (3), taalfeardigens (3), bestjoer (3), jaan (3), mienskippen (3), nimme (3), kinne (3), eigen (3), selsrezjy (3), sjocht (3), dêr (3), klimaat (3), ferdwine (3), produkten (3), genôch (3), plannen (3), thús (3), ôfdielings (3), bliuw (2), hichte (2), frl (2), steatefraksje (2), nei (2), praktysk (2), oplate (2), mbo (2), ers (2), hannen (2), hâlden (2), nedich (2), posysje (2), giet (2), saneamde (2), gouden (2), handjes (2), oerheid (2), midden (2), ôfrûne (2), jierren (2), tige (2), drege (2), stipet (2), omdat (2), kin (2), benammen (2), taal (2), hert (2), sear (2), jongerein (2), beheinde (2), taalachterstân (2), wat (2), makket (2), ferskate (2), lokale (2), bestiet (2), loslitte (2), fertrouwen (2), sadat (2), inisjatyf (2), romte (2), sels (2), fynt (2), wêze (2), ôfskie (2), systeem (2), keppele (2), syktekosten (2), stipe (2), feroaringen (2), plante (2), bistesoarten (2), feroarjend (2), friezen (2), meitsje (2), omleech (2), oerdiedich (2), streksum (2), rânebetinkst (2), tadwaan (2), sjogge (2), hawwen (2), kostberder (2), regio (2), dit (2), betrouwen (2), dagen (2), yntroduksjejûn (2), kafee (2), partijblêd (2), frijbûtser (2), sollisitaasje (2), kontakt (2), menu (2), tillefoannumer, postadres, bertedatum, wenplak, postkoade, efternamme, foarnamme, mefrou, hear, oansprektitel, privacyferklearring, 2025, obrechtstrjitte, 8916, ljouwert, partijhus, partijhûs, opnl, leden, griene, map, wetterskip, earste, keamer, europa, nijsberjochten, kiest, duo, fraksjefoarsitterskip, reaksje, lelyline, advies, knot, moasje, olympyske, ringen, dochs, idee, goedkeape, arbeid, bûtenlân, helle, gjin, oplossing, bean, fraach, altyd, keazen, harren, salaris, fertsjinje, foldwaande, banen, baan, wurk, groep, professionals, lang, hawwe, lanlike, ynsette, kennisekonomy, opskaling, globalisearring, grutte, tsjinstanners, doarpslibben, stedswiken, fitaal, oanjage, oanmoedige, sizzen, mkb, goede, droegen, faak, maatskiplik, aktyf, ferieningslibben, sûnder, erkenne, belied, dizze, inisjatyfnimmers, fisy, ûndernimmersklimaat, set, memmetalen, breedste, sin, kultureel, ynbêde, middel, dyn, luchtsjen, immen, leafde, ferklearjen, drukken, moai, sprake, taalrykdom, neist, frysk, streektalen, noch, eltse, dei, brûkt, hjirfoar, demokrasy, sizzenskip, ynspraak, parse, basiseask, krijt, gearwurkingsfoarmen, rezjy, alert, frjemde, ynfloeden, komme, ferbining, perverse, prikkel, behanneljen, derút, bekritisearje, merkwurking, laat, ekstreme, taname, kosten, situaasje, minder, beskikber, sil, better, gean, previnsje, tebekbringen, oanpakken, sûne, libbensomstannichheden, foarbylden, allegearre, frege, ferantwurdlikens, stiet, foarop, fanút, mienskipstinken, wêzen, kanten, aksjes, leefmiljeu, moatte, grypt, fear, krêft, natuer, útgongspunt, neffens, wittenskip, toch, wreed, prosessen, lykas, globalisaasje, meiwurkje, ferdwinen, libbende, wêzens, iuwenâlde, relaasje, lânskip, rekket, nammerste, planten, bisten, tafersjoch, hâlde, kwaliteit, tagonklik, mooglik, drompel, farsk, natuerlik, makke, omgrieme, makker, soargje, mienskiplike, sûnenskosten, ten, knutsele, ris, eazje, wêrtroch, wetterhúshâlding, ûnder, druk, komt, stean, beskikberens, spearpunt, wetterminsken, ferhaal, sûnt, 1962, eltsenien, rige, keizer, bauke, beert, boer, frank, rintjema, nynke, hinke, feddema, thom, hemstra, tjitte, land, dotinga, sita, visser, dinie, van, gerben, doel, soms, direkt, dúdlik, oanpakkers, saken, graach, inoar, dogge, moaie, dingen, opnij, brûke, trochjaan, njonken, goedkeaper, folle, leuker, basis, iuwen, âld, ûntstiet, wrâld, eins, jouwe, elkoar, frij, miskien, klinkt, hiel, gewoan, dwaan, wize, wurkjen, betsjut, koarte, lyntsjes, down, earth, spearpunten,
Text of the page (random words):
fnp thús fnp fnp thús menu menu ús plannen ús minsken ôfdielings doch mei wurd lid lêste nijs doch mei ôfdielings kontakt sollisitaasje partijblêd de frijbûtser fnp kafee yntroduksjejûn stypje fnp fryslân ús partij lêste nijs doch mei ôfdielings kontakt sollisitaasje partijblêd de frijbûtser fnp kafee yntroduksjejûn stypje fnp fryslân ús partij doch mei wurd lid thús yn fryslân us plannen en spearpunten stypje de fnp de fryske oanpak by ús yn de regio ûntstiet in nije wrâld eins alle dagen yn fryslân jouwe we elkoar de romte dat makket ús frij mar ek eigen miskien klinkt dit hiel down to earth it is alle dagen gewoan dwaan us wize fan wurkjen en libben betsjut betrouwen jaan en koarte lyntsjes soms binne we direkt mar dat is wol sa dúdlik wy binne oanpakkers dy t saken graach sels mei inoar dogge moaie dingen meitsje opnij brûke en trochjaan dat is njonken goedkeaper ek folle leuker omdat betrouwen ús basis is is ús takomst iuwen âld dit binne wy fan doel ús minsken gerben van der mei dinie visser sita land dotinga tjitte hemstra thom feddema nynke hinke rintjema frank de boer bauke beert keizer eltsenien op in rige de partij foar de regio sûnt 1962 ús ferhaal it is tiid foar in fryske oanpak tiid foar ús plannen skjin wetter as friezen binne wy wetterminsken troch tadwaan fan minsklik gedrach sjogge wy dat skjin wetter en it hawwen fan genôch wetter kostberder wurde lês mear skjin wetter skjin wetter troch tadwaan fan minsklik gedrach sjogge wy dat skjin wetter en it hawwen fan genôch wetter kostberder wurde sa út en troch wol it ek wol ris eazje troch in feroarjend klimaat wêrtroch de wetterhúshâlding fan ús mienskippen ûnder druk komt te stean foar de fnp is de beskikberens fan genôch skjin wetter in spearpunt sûn iten sûn iten binne produkten dêr t net oerdiedich oan knutsele is de fnp sjocht dat it de tiid is dat streksum iten in rânebetinkst is foar in sûn libben lês mear sûn iten sûn ten sûn iten binne produkten dêr t net oerdiedich mei omgrieme is de fnp sjocht dat it de tiid is dat streksum iten in rânebetinkst is foar in sûn libben sa kin de makker der foar soargje dat de mienskiplike sûnenskosten omleech kinne de polityk moat yn de takomst mear tafersjoch hâlde op de kwaliteit fan iten en sûn iten sa tagonklik mooglik meitsje de drompel foar farsk en natuerlik makke produkten moat omleech bioferskaat troch feroaringen yn it klimaat én troch minsklik gedrach ferdwine plante en bistesoarten lês mear bioferskaat bioferskaat troch feroaringen yn it klimaat én troch minsklik gedrach ferdwine plante en bistesoarten in feroarjend bioferskaat is neffens de wittenskip fan alle tiden toch fynt de fnp it wreed dat prosessen lykas globalisaasje meiwurkje oan it ferdwinen fan libbende wêzens yn ús iuwenâlde relaasje mei it lânskip rekket it friezen nammerste mear dat planten en bisten ferdwine aksjes foar it ferbetterjen fan it leefmiljeu moatte stipe wurde troch it polityk bestjoer wêr t nedich grypt de polityk yn om it bioferskaat te ferbetterjen wêr t de fear krêft fan de natuer in útgongspunt is nije soarch de fnp wol ôfskie nimme fan in systeem wêr t soarch keppele is oan syktekosten lês mear nije soarch nije soarch de fnp wol ôfskie nimme fan in systeem wêr t soarch keppele is oan syktekosten better is om út te gean fan previnsje en it tebekbringen of oanpakken fan net sûne libbensomstannichheden yn fryslân binne der al ferskate foarbylden fan wêr t benammen ek wat fan ús allegearre frege wurdt in eigen ferantwurdlikens stiet foarop mar fanút it mienskipstinken is der yn wêzen fan alle kanten stipe by de nije soarch dy t de fnp sjocht moat de perverse prikkel om te behanneljen derút wy bekritisearje de merkwurking yn de soarch dy t laat hat ta in ekstreme taname fan fan kosten en in situaasje dêr t soarch hieltyd minder beskikber yn wêze sil selsrezjy it polityk bestjoer fan de takomst bestiet út loslitte en fertrouwen jaan lês mear selsrezjy selsrezjy it polityk bestjoer fan de takomst bestiet út loslitte en fertrouwen jaan sadat it inisjatyf fan minsken yn mienskippen de romte krijt en dat gearwurkingsfoarmen sels rezjy nimme kinne de fnp fynt wol dat in oerheid alert wêze moat op frjemde ynfloeden sadat mienskippen net komme kinne ta eigen inisjatyf en ferbining hjirfoar is lokale demokrasy sizzenskip en ynspraak mar ek lokale parse in basiseask taalfeardigens it docht sear dat hieltyd mear jongerein in beheinde taalûntwikkeling en in taalachterstân ha lês mear taalfeardigens taalfeardigens it docht sear dat hieltyd mear jongerein in beheinde taalûntwikkeling en in taalachterstân ha taal is it middel om dyn hert te luchtsjen immen de leafde te ferklearjen om út te drukken wat it libben moai makket yn fryslân is der sprake fan taalrykdom neist it frysk binne der ferskate streektalen dy t noch eltse dei brûkt wurde de fnp set yn op memmetalen en stipet yn de breedste sin taalûntwikkeling de taal fan it hert dy t kultureel ynbêde is stypje wy lokaal ûndernimmerskip it midden en lytsbedriuw hat de ôfrûne jierren te krijen hân mei tige drege tiden lês mear lokaal ûndernimmerskip lokaal ûndernimmerskip it midden en lytsbedriuw hat de ôfrûne jierren te krijen hân mei tige drege tiden us partij stipet ûndernimmerskip omdat it droegen wurdt troch minsken dy t faak ek maatskiplik aktyf binne lokaal ferieningslibben kin net sûnder lokaal ûndernimmerskip de fnp wol ûndernimmerskip erkenne yn lokaal belied en dizze inisjatyfnimmers benammen stypje mei fisy om in lokaal ûndernimmersklimaat opskaling en globalisearring binne de grutte tsjinstanners fan it lytsbedriuw om it doarpslibben en stedswiken fitaal te hâlden moat ûndernimmerskip oanjage en oanmoedige wurde it is tiid om te sizzen dat it mkb by de fnp yn goede hannen is fakmanskip by it fakmanskip giet it om de saneamde gouden handjes lês mear fakmanskip fakmanskip by it fakmanskip giet it om de saneamde gouden handjes in groep professionals dy t lang te krijen hân hawwe mei in lanlike oerheid dy t ynsette op in kennisekonomy dochs hat it idee dat goedkeape arbeid wol út it bûtenlân helle wurdt gjin oplossing bean foar de fraach nei praktysk oplate minsken de fnp hat altyd keazen foar mbo ers dy t harren salaris mei de hannen fertsjinje om foar de takomst mear as foldwaande praktysk oplate banen te hâlden is it nedich om de posysje fan de mbo ers te ferbetterjen en om de posysje fan de baan en it wurk te ferbetterjen it lêste nijs moasje op nei de olympyske ringen lês mear reaksje fnp steatefraksje op lelyline advies knot lês mear fnp steatefraksje kiest foar duo fraksjefoarsitterskip lês mear mear nijsberjochten de fryske oanpak wurd lid europa earste keamer wetterskip griene map foar leden opnl fnp partijhûs obrechtstrjitte 32 8916 en ljouwert partijhus fnp frl bliuw op e hichte fnp frl 2025 privacyferklearring bliuw op e hichte oansprektitel hear mefrou docht der net ta foarnamme efternamme postkoade wenplak bertedatum e postadres tillefoannumer
|